Wiet waar: Seedykrintocht dreech

22 nov 2003 - 00:00

Sawat 130 rinners hawwe sneon in tocht fan 30 kilometer by de seedyk del rûn. De omstannichheden fan de Seedykrintocht wiene swier fanwege it wiete waar. It tal útfallers bleau lykwols beheind.

Wetterskip Fryslân organisearre de tocht om't der nei in fúzje yn jannewaris ien wetterskip ûntstiet. De tocht fan Easterbierrum nei Ferwert koe allinnich rûn wurde, of as estafette mei trije persoanen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)