Rassistyske pamfletten yn Dokkum

22 nov 2003 - 00:00

De plysje hat yn Dokkum in groep fan fiif minsken oanhâlden foar it útdielen fan rassistyske pamfletten. It giet om Ljouwerters tusken de 15 en 25 jier en in 19-jierrige man út Holwert. De groep is sneontemoarn wer frijlitten.

De plysje ûndersiket noch oft it ynsidint ferbân hâldt mei de spanning dy't der de lêste tiid bestiet tusken learlingen fan it fuortset ûnderwiis en bewenners fan it AZC yn Dokkum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)