Foardielpas foar minima

22 nov 2003 - 00:00

Minima yn Achtkarspelen krije ynkoarten de beskikking oer in foardielpas. Achtkarspelen wol fan 1 april takom jier ôf meidwaan oan de Lauwers Pas. By dy pas heart in koartingsregeling foar de minima yn Kollumerlân, Dantumadiel en Skiermûntseach.

Minsken mei in smelle beurs en in Lauwers Pas kinne koarting krije by winkels dy't oan it projekt meidogge. Ek kinne se tsjin in leger taryf lid wurde fan in sportferiening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)