Thússoarchynstellings yn aksje

22 nov 2003 - 00:00

Thússoarchynstellings yn it hiele lân fiere op dit stuit tsjin de besunigings dy't it kabinet opleit. De Friese Wouden noege yn it ramt fan de aksjes ek alle Fryske Twadde-Keamerleden út om ris mei eigen te sjen wat de besunigings betsjutte foar de deistige soarch.

PvdA-Keamerlid Jacques Tichelaar en syn CDA-kollega Rendert Algra giene op de útnoeging yn. Freed kaam Algra yn Wolvegea te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)