Kampanje yn horeka tsjin soa's

© Omrop Fryslân
Sûnenstsjinst GGD-Fryslân is freed úteinset mei in provinsjale "Veilig Vrijen"-kampanje.
Dat barde yn in kroech op Skylge, dêr't simmerdeis in soad jongerein te finen is. No binne der benammen eilanners. De GGD wol dy groep no ek ris berikke mei ynformaasje oer seksueel oerdraachbere sykten. De kampanje bliuwt net beheind ta de waadeilannen. Ek op it Fryske fêstelân sil der yn horekasaken foarljochting jûn wurde.