Oplieding moat gebou út

© Omrop Fryslân
De Capabel-ûnderwiisgroep is troffen troch de sluting fan in gebou oan de Voorstreek yn Ljouwert. It giet om itselde gebou dêr't ek de evangelyske gemeente 'De Deur' yn ûnderbrocht wie.
De brânwacht fynt it gebou oan de Voorstreek net feilich genôch. By de sluting, earder dizze wike, gie de gemeente der fan út dat de Capabel- ûnderwiisgroep dy't opliedt ta dokters- en aptekersassistintes, al ferhuze wie. Sy moatte no oar plak sykje.