Sorbyske TV op paad yn Fryslân

© Omrop Fryslân
In ploech fan 'e Sorbyske TV út Dútslân hat freed op ferskate plakken opnames makke yn Fryslân. De TV-ploech makke ûnder mear opnames op 'e trijetalige skoalle fan Boksum, dêr't de bern Sinteklaasferskes songen. Moarns folge de ploech in skoft wethâlder Gerbrandy fan Wymbritseradiel.
Yn it wykein makket de TV-ploech opnames op Liet en Liet Ynternasjonaal, dêr't se de Sorbyske band Awful Noise folgje sille.