Brêge Skûlenboarch wol net ticht

21 nov 2003 - 00:00

Autoferkear kin foarearst net gebrûk meitsje fan 'e brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Skûlenboarch. De brêge stiet al sûnt tongersdeitemiddei iepen. Troch in steuring yn 'e motor wol de draaibrêge net mear ticht.

Monteurs ha freed wakker besocht om de steuring te ferhelpen, mar hoelang oft dat krekt duorje sil is net bekend. Salang moat it autoferkear omride oer Burgum oer Blauferlaat. Fuotgongers en fytsers wurde mei in pontsje oerset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)