Cambuur-spits Bruin wer ynsetber

21 nov 2003 - 00:00

Cambuur kin sneon by de údwedstriid yn en tsjin Veendam wer beskikker oer spits Jan Bruin. Bruin rekke op 17 oktober yn 'e wedstriid tsjin Heracles blessearre. Bruin bruts doe syn kaak nei in tik fan ferdigener Reeker fan Heracles. De ferwachting wie doe dat Bruin op syn minst 6 wiken útskeakele wêze soe.

Bruin is dizze wike wer begûn te trainen. Hy hat nearne lêst fan en stiet sadwaande sneon wer yn 'e spits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)