Sikehûsmiel tenei jûns

21 nov 2003 - 00:00

By sikehûs MCL yn Ljouwert krije pasjinten takom jier middeis gjin waarm iten mear. Se moatte it dan mei bôle dwaan en krije jûns har waarme miel. Oanlieding foar de wiziging is in feroaring fan it keukensysteem.

Undersyk hat útwiisd dat personiel en pasjinten leaver it waarm miel jûns ha. Ek it moarns- en middeismiel feroarje. In spesjale bôlekarre komt tenei by it bêd. Sa kin de pasjint sels bôle útkieze en oanjaan wat der op moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)