No ek LTO-aksje tsjin molkprizen

© Omrop Fryslân
De Aldi yn Wolvegea komt op de swarte list fan lanbou-organisaasje LTO. Dat bart yn it ramt fan de LTO-Milk Watch. Melkfeehâlders kontrolearje freed op tsientallen plakken yn it lân by supermerken de priis fan in liter healfolle molke. As dy leger is as 47 sint, dan wurdt de namme fan de supermerk bekend makke op de webside fan de LTO.
De boeren wolle dêrmei protestearje tsjin de lege molkprizen.