Proef: oerlêst giet yn database

21 nov 2003 - 00:00

De gemeente Ljouwert fiert as earste in proef út mei it útwikseljen fan ynformaasje oer bygelyks drugs- en jongereinoerlêst. Ek oare saken dy't de boarger as oerlêst fernimt, wurde der by belutsen.

De ynformaasje wurdt útwiksele troch gemeente, plysje en oare organisaasjes dy't har dermei dwaande hâlde. Alle ynformaasje komt yn in database. Dêrmei kin der in folslein byld krigen wurde fan delikten of ûnfeilige situaasjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)