Betelje foar stoarten smoargens

21 nov 2003 - 00:00

Ynwenners fan Achtkarspelen moatte takom jier betelje foar it bringen fan ôffal nei it stoart. Dat hat in mearderheid fan de gemeenteried tongersdei besletten.

Achtkarspelen wol sa de ôffalbulte yndamme en de kosten yn de hân hâlde. De tariven lizze tusken 8 euro en 35 euro per besite oan it stoart. Op dit stuit kostet it noch neat as der minder as in kuub smoargens nei it stoart yn Bûtenpost brocht wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)