Fjoerwurkkampanje wer begûn

21 nov 2003 - 00:00

Jongerein dy't yllegaal fjoerwurk hat of fjoerwurk te betiid ôfstekt, wurdt fan moandei ôf hurd oanpakt. Dan start de jierlikse fjoerwurkkampanje fan de plysje.

Oertreders krije in wurkstraf fan maksimaal 20 oeren. Boppedat moatte se nei de jierwiksel de troep op strjitte opromje. It doel fan de kampanje is om jongerein te wizen op de gefaren fan fjoerwurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)