V. de Vries-priis foar Tichelaar

© Omrop Fryslân
Keninklike Tichelaar yn Makkum hat de Vredeman de Vries-priis foar foarmjouwing 2003 wûn. De provinsjale priis is bedoeld foar ûntwerpen dy't ekstra wearde jouwe oan in produkt. De sjuery fûn unanym dat it servys mei de titel 'Nothing new' dêr oan foldocht.
Earfolle fermeldings wiene der foar it boek 'De provinsjale biblioteek fan Fryslân' en foar Logic Light, in nije lampe fan Batavus. It is de twadde kear dat de priis útrikt wurdt.