Spul oer parkearstrook Skier

20 nov 2003 - 00:00

De oanlis fan in parkearstrook by de Oosterreeweg op Skiermûntseach leit stil. In bewenster makke beswier tsjin de oanlis. Neffens har komme de auto's te ticht by it histoarysk weardefolle Kerkelaantje. Dat leantsje wie earder it paad nei tsjerke.

De gemeente wie al mei it wurk begûn foar't de termyn ôfrûn wie dêr't beswier yn makke wurde koe. Dy termyn wurdt ôfwachte, de beswieren wurde besjoen. Dan giet de oanlis fierder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)