Undersyk nei bou sintrum Harkema

© Omrop Fryslân
Achtkarspelen docht ûndersyk nei de bou fan it kultureel sintrum yn Harkema. Der wurdt sjoen oft dat dochs op it Tiesingaplein boud wurde kin. Dat wie earst de bedoeling mar doe die bliken dat de bou te djoer wurde soe.
In lokaasje neist basisskoalle De Wynroas waard as alternatyf neamd. Der wie ek beswier tsjin. De gemeente hat tasein it nije oanfoljende ûndersyk binnen fjouwer wiken klear te hawwen.