Nocht fan oerlêst Grutte Tsjerke

20 nov 2003 - 00:00

Omwenners fan it Jacobijner tsjerkhôf yn Ljouwert ha skjin har nocht fan de oerlêst. Der wurde drugs op strjitte brûkt, der is balterij, omhingjende jeugd lit rotsoai achter en it Joadsk Monumint wurdt geregeld fernield. De oerlêst wurdt hieltyd slimmer.

Buertbewenners praten woansdei mei ferskate partijen oer in mienskiplike oanpak. Dêr wie de Stichting 40-45 by en fertsjintwurdigers fan de Grutte Tsjerke en basisskoalle Oldenije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)