Ien ynstânsje bystânskontrôle

19 nov 2003 - 00:00

Minsken mei in bystânsútkearing wurde tenei yn 'e hiele provinsje op fraude kontrolearre troch ien ynstânsje. Mei yngong fan 2004 is der foar alle 31 gemeenten in sintrale organisaasje mei trettjin sosjale resersjeurs. De gemeente Ljouwert kriget dêrby in sintrale rol. Yn Kollum, Drachten en op 'e Jouwer komme stânplakken.

Yn Fryslân krije 13.000 minsken in bystânsútkearing. Per jier wurde 200 gefallen fan fraude fêststeld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)