Skuldeaskers Thialf akkoart

19 nov 2003 - 00:00

De skuldeaskers fan Thialf binne akkoart mei de ferdieling fan 1,2 miljoen euro. It iisstadion hat útstel fan betelling oanfrege om't it 3,5 miljoen euro oan skulden hat. De krediteuren stimden woansdei foar de rjochtbank yn Ljouwert oer de ferdieling fan it jild.

Oardielet de rjochtbank posityf, dan wurdt de surseânse fan betelling opheft. Thialf kaam yn problemen troch de oanlis fan in djoere nije iisflier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)