Nije operaasjeskeamers yn MCL

19 nov 2003 - 00:00

It MCL yn Ljouwert hat woansdei fjouwer spesjale operaasjekeamers yn gebrûk naam. Hjir kinne 'knoopsgat-operaasjes' útfierd wurde. De sjirurch makket in lytse iepening yn it lichem en bringt in kameraatsje en ark yn.

Fia in byldskerm kin de sjirurch dan de operaasje útfiere. Foardielen fan dizze technyk binne in lytsere kâns op komplikaasjes, minder bloedferlies en lytsere littekens. It MCL is it earste sikehûs yn Nederlân mei sokke rûmtes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)