Te mâl: aksje tsjin besunigings

© Omrop Fryslân
Te mâl. Dat is de namme fan in nije aksjegroep. De leden binne tsjin de besunigingsplannen fan de provinsje. De inisjatyfnimmers ha noed oer de útholling fan it provinsjale kultuer- en miljeubelied.
Op in budzjet fan 1.3 miljoen euro wurdt hast fjirtich prosint besunige. Lytse, net strukturele projekten komme hjirtroch faai te stean. De aksjegroep wol fral foarljochting jaan. Se diele by Liet yn Ljouwert folders út.