Mear bekend oer revolver Skier

© Omrop Fryslân
De antike revolver, dy't twa wike lyn fûn waard by graafwurksumheden op Skiermûntseach, is makke yn Frankryk of Dútslân. Neffens de plysje op it eilân giet it om in saneamd 'pen-fjoerwapen'. Dy waarden om 1860 hinne foar it earst makke.
It wapen op Skiermûntseach soe datearje út 1880. De revolver is skonken oan de kultuerhistoaryske feriening op it eilân.