Cambuur wol 6 spilers kwyt

19 nov 2003 - 00:00

Cambuur wol de kontrakten fan seis spilers ôfkeapje. It giet om Lionel Lord, Harvey Bisschop, Martin van der Meulen, Hakim Chatouani, Angelo Martha en Frans Koornberg. Alle spilers ha noch in oerienkomst oant de ein fan it seizoen ta.

As de fuotballers nei de winterstop by de Ljouwerter fuotbalklub bliuwe wolle, mei dat. Mar de kâns dat se oan spyljen takomme, is lyts. Wol dúdlik is dat se takom jier gjin nij kontrakt krije.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)