Werynrjochting riedseal Drachten

© Omrop Fryslân
In stjoergroep moat de plannen foar de werynrjochting fan de riedseal fan de gemeente Smellingerlân besjen. Dat is de útkomst fan de gearkomste fan de riedskommisje tiisdeitejûn. Foar de oanpassing fan de riedseal yn Drachten soe 350.000 euro nedich wêze.
In mearderheid yn de kommisje fûn dat bedrach dochs wat te heech. It kolleezje hat ek noch in alternatyf plan makke, wêrby't 150.000 euro bestege wurdt oan ûnder oare meubels.