Mooglik aksje fan reedriders

19 nov 2003 - 00:00

Reedriders komme freed mooglik yn aksje op de wrâldbekerwedstriden op Thialf. Se wolle dat de KNSB dizze wike in oerienkomst slút mei de Vereniging Professioneel Schaatsen. De feriening behertiget de kommersjele ploegen.

Beide partijen kinne it net iens wurde oer kleanlogo's en start- en priisjild. Wat de aksjes binne, is net bekend. Mark Tuitert hat sein dat it ôfplakken fan logo's fan bûnsponsoaren Aegon en Deloitte & Touche in opsje is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)