Mear subsidiearre banen fuort

19 nov 2003 - 00:00

Ljouwert skrast takom jier hûndert arbeidsplakken dy't mei subsydzjes betelle wurde. It frijkommen jild is om minsken yn de bystân oan wurk te helpen. De stêd skraste earder al 143 subsidiearre banen fanwege besunigings. De measte fan har ha ûnderwilens in reguliere baan fûn.

Der binne yn Ljouwert no noch 600 saneamde ID-banen oer. Yn de takomst tinkt wethâlder Brok dat der foar sa'n 250 minsken subsidiearre wurk oerbliuwt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)