Fiif partijen easkje ierdgasjild

© Omrop Fryslân
Fiif regionale partijen yn 'e steaten fan Fryslân, Grinslân en Drinte easkje dat it noarden yn 'e takomst 25 persint krijt fan 'e ierdgasopbringst. Fierder moatte ryksoerheid en de belutsen bedriuwen alle skea dy't ûntstiet troch de gaswinning fergoedzje.
Dit stiet yn in moasje fan FNP, Partij voor het Noorden, Drents Belang, Gemeentebelangen Fryslân en de Onafhankelijke Partij Drinte. Woansdei wurdt yn Grins oer de moasje praat.