'NE-Fryslân ferkearsgefaarlik'

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Noardeast-Fryslân binne gefaarliker yn it ferkear as ynwenners fan oare Fryske regio's. Dat docht bliken út ûndersyk fan it regionaal oerlis ferkearsfeiligens (ROV). It komt der op del dat der in soad te hurd riden wurdt, dat alkohol in grutte rol spilet by ûngemakken en dat in soad minsken de autogurdel net drage.
In oare faktor is dat der net in grutte trochgeande ferkearsrûte is en it ferkear oer lytsere dykjes giet.