Untslaggen by Eldon

18 nov 2003 - 00:00

Metaalbedriuw Eldon yn Drachten ûntslacht 15 fan de 97 wurknimmers. It bedriuw makket skeakelkasten foar de telekommunikaasje, mar dy merk is ynsakke. Eldon wol no 1 miljoen euro yn nije software en it automatisearjen fan de assemblaazje stekke. Dat smyt effisjinter wurkjen op.

It fakbûn CNV hat begryp foar de reorganisaasje. Dy is needsaaklik om it bedriuw ek foar de takomst sûn te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)