Fertochte saak-Haule wer frij
De fertochte (36) fan de moard op kastlein Fokko Werkman út Haule komt tiisdei wer frij. Neffens syn advokaat is it bewiis dat justysje tsjin de man hat, te licht.
Ferline wike waard bekend dat der gjin DNA-spoaren fan 'e fertochte yn it kafee oantroffen binne. Dêrtroch is ek in part fan 'e bewiislêst fuortfallen. De moard komt tiisdei foar 'e twadde kear oan 'e oarder yn Plysjepost op Omrop Fryslân televyzje.