Wurkje en wenje op boerepleats

© Omrop Fryslân
Undernimmers wolle graach har bedriuwen op it plattelân festigje en dan it leafst yn pleatsen. Dat hat de Keamer fan Keaphânnel fêststeld. Mear as 40% fan de ûndernimmers wol graach by it bedriuw wenje en dat mei op de measte yndustryterreinen net. Lykwols, ek op it plattelân jilde strange regels. Mear frijheid soe ek mear wurkgelegenheid betsjutte, fynt de Keamer fan Keaphannel. Se trune by de provinsje oan op soepeler belied.