Ferlies en winst foar Beloftes

© Omrop Fryslân
De Hearrenfeanbeloftes hawwe moandei yn Zwolle mei 2-0 wûn fan FC Zwolle om 'e Amstel Cup. De goals waarden nei de rêst makke troch Rigters en Van Wijk. De Feanbeloftes krije tongersdei FC Twente op besite.
Datselde Twente wûn moandei mei 2-0 fan Jong Cambuur. It wie it earste seizoensferlies foar de Ljouwerters. De doelpunten waarden makke troch Vehoff en Kuali. Jong Cambuur spilet tongersdei thús tsjin FC Zwolle.