Ofskie Arno Brok fan Ljouwert

© Omrop Fryslân
Wethâlder Arno Brok naam moandei ôfskie fan 'e Ljouwerter gemeenterie. Mei yngong fan desimber wurdt er de nije boargemaster fan Snits. Daliks nei syn ôfstudearjen, yn 1993, waard Brok al aktyf yn de Ljouwerter polityk. Earst as riedslid, letter as wethâlder.
Brok wist syn stimpel te drukken op it Ljouwerter kultuerlibben yn 'e jierren '90. Fierders wie er in baas yn it ûnderhâlden fan kontakten mei it bedriuwslibben.