Mear plysjeynset by Hearrenfean

© Omrop Fryslân
De plysjeynset by fuotbalclub Hearrenfean is it ôfrûne seizoen mei mear as tritich persint tanommen. Dat docht bliken út sifers fan it sintraal ynformaasjepunt fuotbalfandalisme. De taname komt benammen troch it meirinne litten fan stazjêres.
Hearrenfean is ien fan de grutste stigers yn it ôfrûne seizoen. De ynset by Cambuur is mei dik tritich persint ôfnommen. Cambuur is wakker aktyf mei it oanpakken fan fuotbalfandalisme.