Simmer wie goed foar sûkerbiten

17 nov 2003 - 00:00

De droege en waarme simmer fan dit jier hat in rekord oan sûkerbiten opbrocht. De boeren helje oant tweintich prosint mear biten fan it lân as oars. De kwaliteit is troch de sinne ek folle heger as oare jierren. It persintaazje sûker leit om de 20 prosint hinne. Dat is sûnt 1959 net mear foarkaam.

De boeren profitearje net bot fan de goede rispinge. Foar alles wat se boppe har kwotum produsearje, krije se amper wat útkeard troch it sûkerfabryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)