Personiel Philips leit wurk del

17 nov 2003 - 00:00

Personiel fan Philips yn Drachten hat moandei in skoft it wurk dellein. De wurknimmers ha 1700 hantekens oan de direksje oanbean. Se wolle bewiis ha dat de produksje fan motoaren yn Sina goedkeaper is as yn Drachten.

Ferline wike waard bekend dat Philips dy produksje ferpleatse wol. Sa'n 75 minsken reitsje dertroch har baan kwyt. It personiel is freed mei it sammeljen fan de hantekens begûn. Hast elkenien hat de petysje ûndertekene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)