Fragen oer besunigingen Noordned

17 nov 2003 - 00:00

De steatefraksje fan de PvdA hat fragen oer de besunigingen by Noordned. It ferfiersbedriuw soe takom jier ien miljoen euro besunigje moatte.

De PvdA wol fan Deputearre Steaten witte oft de provinsje opdracht jûn hat foar dy besunigingen. Noordned hat oan de provinsje foarsteld om sneins moarns en jûns minder bussen ride te litten. De fraksje fan de PvdA is der fernuvere oer, om't dy útstellen noch net troch de Steaten besjoen binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)