Seebearen komme nei Aqua Zoo

17 nov 2003 - 00:00

Aqua Zoo yn Ljouwert krijt fiif seebearen út Súd-Amearika. It giet om fjouwer folwoeksen wyfkes en in jong mantsje. De seebearen lykje op in seehûn mar dan mei lang hier.

Har fersoargers geane op kursus yn Diergaarde Blijdorp dêr't de bisten ek weikomme. Doel is dat der ek noch in folwoeksen mantsje nei Ljouwert komt. It mantsje dat Aqua Zoo op it each hie is koartlyn dea gien. De seebearen ferhúzje noch foar de ein fan dit jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)