Breder oanbod op Singelland

© Omrop Fryslân
De lokaasje fan skoalmienskip Singelland yn Surhústerfean biedt takom skoaljier ek havo/atheneum oan. No kinne learlingen yn de ûnderbou inkeld opliedingen folgje op vmbo nivo.
Mei it bredere oanbod spilet de skoalle yn op fragen fan âlden en basisskoallen. Bern mei havo/atheneum advys kinne tichterby nei skoalle. Havo-learlingen streame nei 3 jier troch, atheneum-learlingen nei 2 jier. Se moatte dan nei Burgum of Drachten.