Slingerjend op 'e scooter

© Omrop Fryslân
Twa manlju binne sneon yn de omkriten fan de HBS-strjitte yn Drachten oanhâlden om't se wegeren mei te wurkjen oan in blaastest. De plysje seach de beide slingerjend op in scooter riden.
Doe't se in stopteken krigen, riden se lykwols gewoan troch. De plysje koe har net mear folgje doe't se mei de scooter in fytsbrêge oergongen. Efkes letter slagge it dochs om har oan te hâlden. Se moasten har rydbewiis ynleverje.