Asbest yn skoalle Tytsjerk

© Omrop Fryslân
De Master Fennemaskoalle yn Tytsjerk hat op koarte termyn 8000 euro nedich fan de gemeente. Yn de rûmte fan de ferwaarmingstsjettels is asbest fûn. Omdat de tsjettels ferfongen wurde moatte, is it ek nedich om it asbest fuort te heljen.
Dat kostet lykwols mear as tocht en dy sinten hat de skoalle sels net. De gemeenteried moat no beslissen oft de skoalle op koarte termyn de sinten krijt.