Sportfiskers freegje omtinken

© Omrop Fryslân
De Fryske sportfiskers wolle fan 'e provinsje mear omtinken hawwe. Benammen de fiskstân en de ferhâldings mei de beropsfiskers wurde troch de Fryske politisi net genôch ûnderkend.
De sportfiskers en beropsfiskers hawwe koartlyn in ôfspraak makke, de splitsingsoerienkomst. Sportfiskers meie op snoek fiskje, de beropfiskers allinnich noch op iel. Soargen binne der no't de beropsfiskers ek op skubfisken fiskje wolle.