Sinteklaas wer yn it lân

15 nov 2003 - 00:00

Sinteklaas is wer yn it lân. Sneon kaam de hillich man op tal fan plakken oan yn ús lân. Moarns wie er noch yn Swolle, mar letter op 'e dei wie er ûnder oaren yn Wolvegea. Dêr kaam er fansels net mei de boat, mar mei de helikopter.

It wie in drokke dei foar de Sint, want hy moast ek nei Ljouwert, it Hearrenfean en tal fan oare plakken. Oeral stiene de bern fol ferwachting te wachtsjen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)