Skipsbouprojekten gearfoege

© Omrop Fryslân
Trije Fryske projekten foar de bou fan histoaryske skippen wurde gearfoege. It giet om de bou fan de Wierumer Aek yn Moddergat, de Hegemer ielaak yn Heech en it skûtsje Aebelina yn Earnewâld.
Foar de trije projekten is mei inoar 2,5 miljoen euro nedich. Hast oardel miljoen dêrfan wurdt by inoar brocht troch subsydzje en sponsoring. De rest moat sels by inoar fandele wurde. De 19e ieuske skippen moatte in nije toeristyske attraksje wurde yn Fryslân.