Kaugomfabryk nei Snits

14 nov 2003 - 00:00

Snobbersguodfabryk RBV Leaf yn Snits makket fan no ôf ek kaugom. It kaugomfabryk fan Leaf is fan Amsterdam ferpleatst nei Snits. Der is goed in jier wurke oan de oerpleatsing. 24 fan de 100 wurknimmers binne meiferhuze, 70 nije wurknimmers binne der bykommen. Der is foar 20 miljoen ynfestearre.

As je al it snobbersguod en kaugom dat elts jier makke wurdt op ien lijn lizze soene, dan rint dy fan Snits oant Nij Seelân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)