'Ljouwert te ambisjeus yn bou'

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert is noch hieltyd te ambisjeus as it giet om de bou fan nije wenten. Dat seit makelaar Anton Germeraad fan Makelaarskantoar Het Alternatief, dat sawol yn as bûten de stêd aktyf is. Hy tinkt ek dat de nijbouplannen foar de Súdlannen noch jierren duorje sille. Wethâlder Sluiter fan Ljouwert fynt de plannen realistysk
Ljouwert hat in pear wiken lyn de nijbouambysjes al nei ûnderen bysteld, om't der lang net genôch boud wurdt.