F-16 út koers by oefening

14 nov 2003 - 00:00

In piloat fan in F-16 fan de basis Volkel hat freed by in oefening yn Noarwegen hast de observaasjetoer rekke. De bom sloech yn op 150 meter fan de toer, mar ûntplofte net. It doel dat de piloat reitsje moast, lei eins ien kilometer fierderop.

De oefening yn Noarwegen fynt plak yn it ramt fan de saneamde FWIT, dy't under lieding stiet fan de fleanbasis Ljouwert. Derby krije de piloaten in yntensive training.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)