Restauraasje Aldehou djoerder

© Omrop Fryslân
De lêste restauraasje fan de Aldehou yn Ljouwert kostet de gemeente 175.000 euro mear as tocht. De gemeente hat in flater makke by de belestingen en moat no in neiheffing betelje. De gemeente tocht dat de toer brûkt wurde soe foar kommersjele aktiviteiten en dat jout yn prinsipe rjocht op in bepaalde ôftrekpost.
De belestingtsjinst hat dat besjoen en is fan betinken dat de ôftrekpost ûnterjochte brûkt is.