Van Benthem-tocht giet troch

© Omrop Fryslân
It konflikt tusken de organisaasjes fan de Evert van Benthem-Tocht yn Kanada en de alternative alvestêdetocht yn Finlân is oplost. Beide eveneminten bliuwe op 28 febrewaris kommend jier op de kalinder stean.
De Kanadeeske tocht krijt in rekreatyf karakter en yn Finlân ferskine alle wedstriidriders oan de start. In jier letter is de ferdieling oarsom. De Evert van Benthem-tocht drige oars oer te gean fanwege te min wedstrydriders.